It Heksershol - cover

It Heksershol

J.H. Halbertsma

  • 12 september 2009
  • 9789461497147
Wil ik lezen
  • Wil ik lezen
  • Aan het lezen
  • Gelezen
  • Verwijderen

Samenvatting:

Hoe't Goasse Knop fan Molkwar himsels oan de duvel ferkocht, hokker singeliere foarfallen er tsjinkaam op syn libbensreis troch it Âlde Fryslân, watfoar skelmstikken as er begie en hoe't er raar oan syn ein kaam.

It Heksershol is publisearre yn de Rimen en Teltsjes, dat twa jier nei it ferstjerren fan J.H. Halbertsma yn 1871 ferskynde. Neitiid is it yn 1963 troch Theun de Vries oersetten yn it Nederlânsk en as los boekje yn de Wereld Bibliotheek-searje ferskynd. Omdat it yn it Frysk nea as apart boekwurk op de merk kommen is, jout dit harkboek in moaie gelegenheid om yn de kunde te kommen mei de fertelkeunst fan de Halbertsma's.

Koartwei is It Heksershol it ferhaal fan Goasse Knop, dy't syn siel oan de duvel ferkocht, fan syn nuveraardige aventoeren dêr't er yn belâne op syn libbensreis troch it hiele Âlde Fryslân, fan de skelmstikken dy't er begie en hoe't er raar oan syn ein kaam.

Oarspronklik opnommen yn: Rimen en Teltsjes, op it lêst ferskynd yn de rige Fryske Klassiken nr. 6.

We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat je onze website zo goed mogelijk beleeft. Als je deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat je dat goed vindt. Ok