Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1: Literatuer yn lytse tal ... - cover

Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1: Literatuer yn lytse tal ...

Andre Looijenga

  • 03 mei 2012
  • 9789460380679
Wil ik lezen
  • Wil ik lezen
  • Aan het lezen
  • Gelezen
  • Verwijderen

Samenvatting:

Sprekkers fan minderheidstalen beslane mei har taal minder domeinen fan it libben as sprekkers yn grutte of nasjonale talen. Der is fansels wol ferskil tusken Katalanen en Noardfriezen, en alles wat dêr tusken leit oan mooglike posysjes; it Frysk bygelyks nimt in middenposysje yn.

Wat betsjut dy situaasje foar de skriuwers yn lytse talen? Wurkje de beheiningen troch yn it literêr bedriuw, of lient de eigen taal him foar alles wat literêr mooglik is en kinne de skriuwers (troch oersettingen) de hiele wrâld berikke, as se mar kwaliteit ha?

Tink bygelyks ek oan de ûntwikkeling fan wurdskat yn in feroarjende wrâld en de ynfloed fan gruttere, dominante talen op it taalsysteem fan de lytse taal. En binne literêre teksten yn minderheidstalen oars as dy yn grutte talen, bygelyks yn tematyk of genre-kar? Hoe fergelykje de oare lytse talen har mei it Frysk?

Yn de lêzing sil de Fryske situaasje fergelike wurde mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk.

We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat je onze website zo goed mogelijk beleeft. Als je deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat je dat goed vindt. Ok